Wylde efterfolging oer A7

13 maaie 2007 - 23:38

De plysje hat snein trije ynbrekkers út Noard-Brabân oanhâlden nei in wylde efterfolging oer de Fryske diken. Se brutsen yn by in bedriuw yn Wolvegea, doe't it alarm de plysje waskôge. Dy wie al gau te plak doe't de manlju útnaaiden.

Oer de A7 en de A32 wisten de manlju op De Gordyk te kommen. De plysje hat doe it doarp ôfsletten, mar se koene mei in taksje dochs fuortkomme. Op it Hearrenfean binne se lang om let pakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)