Bewaking by ôfbaarnde pleats

© Omrop Fryslân
De pleats yn 'e Ljouwerter wyk Suderbuorren dy't snein ôfbaarnde, wurdt bewaakt. By de brân is nei alle gedachten asbest frijkaam. Dat wurdt sagau mooglik oprêden. Ek binne stikjes roet delkaam yn 'e buert, mar der is neffens de brânwacht gjin gefaar foar omwenners fan de pleats.
It hiem is ôfset mei stekken en linten en der is bewaking oanwêzich. By de brân rekke gjinien ferwûne. De pleats stiet oan de Zwemmer.