SC Hearrenfean útskeakele

13 maaie 2007 - 16:38
Frije traap fan Afonso Alves yn de Arena. Alves skoarde diskear net. (Foto Martin de Jong)

SC Hearrenfean is útskeakele foar de twadde ronde fan 'e play offs om in plak yn de foarronde fan de Champions League. Yn Amsterdam ferlear Hearrenfean mei 4-0 fan Ajax. Dat wie fierstente folle nei de 1-0 oerwinning fan 'e Feansters ôfrûne woansdei yn it Abe Lenstra Stadion.

De doelpunten fan Ajax waarden makke troch Huntelaar (2), Babel en Perez. Keeper Brian Vandebussche moast mei read fan it fjild.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)