Brêge by Kiestersyl stikken

13 maaie 2007 - 16:29

Troch in meganysk defekt kin de brêge oer it Van Harinxmakanaal tusken Hjelbeam en Frjentsjer net mear ticht. De brêge wurdt benammen brûkt troch lokaal ferkear dat oer in binnendykje nei Achlum ta wol.

De ferwachting is dat de brêge noch oan moandei net te brûken is. Dat betsjut dat it skipfeartferkear wol trochgean kin, mar automobilisten en fytsers moatte omride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)