Ruten ynsmiten yn Easterwâlde

13 maaie 2007 - 16:06

De plysje hat sneon yn Easterwâlde in man út dat plak fan 26 jier oppakt foar it ynsmiten fan in rút oan 'e Prinsenstrjitte. In 30-jierrige man hie it sjoen en gie achter de dieders oan. Hy krige de 26-jierrige fertochte te pakken, mar moast him rinne litte doe't syn stapmaten weromkamen.

Letter waard ek noch in rút ynsmiten oan de Hoge Haer. De plysje wist wa't de fertochte wie en koe him letter yn syn eigen hûs oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)