Snitser falt plysjeman oan

13 maaie 2007 - 15:46

In jongeman út Snits (20) is snein oanhâlden foar it oanfallen fan in plysjeman. Dat wie by in rûzje nei't in oare Snitser (18) in kafee útset wie. Dy woe net fuortgean en de plysje waard derby roppen. Omstanners bemuoiden harren dermei en de 20-jierige pakte dêrop ien fan plysjes fan achteren beet.

De 20-jierrige is oppakt foar mishanneling. Ek de 18-jierrige waard oppakt. Dêrby rekke er lichtferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)