Man falt fan 'e wâl op skip

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige Harnzer is sneon ferwûne rekke by in fal yn 'e fiskerijhaven. De man soe in briefke jaan oan de sjauffeur fan in frachtauto dy't fisk oan it laden wie. Om derby te kinnen moast de man op twa opinoar steapele fiskbakken stean.
De bakken glieden faninoar ôf en de man foel 3 meter nei ûnderen ta op it dek fan in fiskersskip. Hy is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Snits brocht.