Literêr Sirkwy yn Fryske tunen

13 maaie 2007 - 14:27
Elmar Kuiper is ien fan 'e dielnimmende dichters (foto: Jan Kalma, Tresoar)

It Fryske literatuerevenemint Literêr Sirkwy giet dizze simmer de tunen yn. Skriuwers en dichters bringe harren wurk foar it fuotljocht op 25 ferskate plakken. Dêr is ek live muzyk by.

Op 2 juny is de start yn de Prinsetún yn Ljouwert. Oare bekende túnlokaasjes binne de Ekokatedraal op It Hearrenfean en de Roodbaardtún fan Harsta State yn Hegebeintum. It Literêr Sirkwy is opset troch it Skriuwersbûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)