Epke Zonderland net yn finale

Epke Zonderland, earder dit jier op it EK
Turner Epke_Zonderland moat by de wrâldbekerwedstriden yn it Belgyske Gent de einstriid op de brêge en rekstôk misse. Op ´e brêge foel er mei in tsiende plak krekt bûten de finale. Op ´e rekstôk waard er fyftjinde.
Yuri_van_Gelder hat de kwalifikaasje op ringen wûn. Hy giet as earste de finale yn. Jeffrey_Wammes pleatste him inkeld op it ûnderdiel sprong. Verona van de Leur en Sanne_Wevers gean troch by de froulju.