Ynspeksje skoallen Opsterlân

© Omrop Fryslân
Opsterlân makket de iepenbiere basisskoallen yn 'e gemeente brânfeiliger. De measten foldogge net oan de foarskriften. Sa is bygelyks needferljochting net yn oarder of binne der gjin buordsjes dy't de needútgongen oanjouwe.
Der is ek ekstra jild nedich foar ynspeksjes fan 'e stroomfoarsjenning. Skoallen skaffe geregeld apparatuer oan sûnder dat dúdlik is oft de elektryske groepen dat wol oan kinne.