Boerum hat wer in haven

13 maaie 2007 - 12:54
Foto: Omrop Fryslân

Boerum hat nei 43 jier wer in eigen haventsje. Nei de oanlis fan de Fryske Strjitwei yn 1964 rekke it doarp de farferbining kwyt. Goed 25 jier lyn kamen de earste plannen op foar in nije farferbining.

Doe't it wetterskip ferlet hie fan ekstra wetterberging om Boerum hinne waard de kâns op in haven grutter. Der is no in nije farrûte en in nije haven mei fjirtich lisplakken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)