Stipe oan flechtlingen

13 maaie 2007 - 11:28

Smellingerlân lûkt goed 70.000 euro út foar help oan flechtlingen yn 'e gemeente. It jild giet nei Vluchtelingenwerk Provincie Fryslân (VWPF), dêr't de ôfdielingen fan flechtelingewurk yn opgeane.

B en W fan Smellingerlân sizze dat der noch altiten ferlet fan stipe is oan flechtlingen. Se fine de VWPF it beste orgaan om dy stipe te jaan, omdat dêr in soad minsken wurkje mei ûnderfining op dat mêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)