Simke Kloostermanpriis útrikt
Skriuwster Lida Dykstra hat sneon yn de herfoarme tsjerke yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2007 krige. Dat wie foar har berneboek 'Lederwyntsje, in bern mei krêften'.
De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt troch it Simke Kloostermanlien. De stifting beheart it museum yn Twizel mei deselde namme. Fierders stipet se de útjefte fan Frysktalige berneliteratuer.