Pleats útbaarnd by Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in útslaande brân is snein oan de Zwemmer yn 'e wyk Suderbuorren yn Ljouwert in pleats folslein ferlern gien. Trije bewenners waarden wekker troch it leven dat it fjoer makke. Se koene harsels mar krekt rêde.
Yn de pleats sit nei alle gedachten asbest, dat troch de brân frijkaam is. Dat sil sa gau mooglik oprêden wurde. Der binne gjin risiko's foar de omwenners fan de pleats. It hiem is ôfset mei stekken en linten.