Earste winst foar Afke Kuipers

12 maaie 2007 - 18:13

Afke Kuipers, Tineke Algra en Fenna Zeinstra hawwe sneon de frouljusútnoegingspartij yn Snits wûn. Yn de finale waard mei 5-1 en 6-4 wûn fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Idske Zijlstra.

De tredde priis wie foar Linda Terpstra, Anna-Lynn Wijbenga en Afke Hylkema. Foar Afke Kuipers wie it de earste oerwinning op it heechste nivo. Sy waard ek noch ris útoppen ta keninginne fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)