Piersma kening yn Snits

© Omrop Fryslân
Pier Piersma is sneon kening wurden op de manljushaadklasse útnoegingspartij yn Snits. Yn 'e finale wie Piersma mei Simon Minnesma en Karel Nijman te sterk foar Sibbele Lootsma, Jan Willem van Beem en Daniël Iseger: 5-5 en 6-0.
Minnesma-en-dy stie de earste omloop mei 5-0 achter tsjin Klaas Berkepas, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk. Sy wisten de partij noch te winnen en pakten úteinliks ek de priis.