Trein Zwolle-Ljouwert fertrage

23 mrt 2012 - 14:57
De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge - Foto: Omrop Fryslân

It treinferkear tusken Zwolle en Ljouwert hat fertraging. Troch in ûngelok tusken Zwolle en Meppel ride der gjin treinen. Der is dêr in persoan oanriden.

De fertraging is neffens de NS op dit stuit in oere. It duorret noch oant healwei fiven. Der wurde bussen ynset. Under oare publyk dat nei it reedriden yn Thialf wol ûnderfynt hinder fan de treinfertraging.

(advertinsje)
(advertinsje)