ONS wint lêste wedstriid

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan ONS Snits hawwe it seizoen ôfsletten mei in 3-2 oerwinning op Flevo Boys. De Snitsers kamen mei 0-2 achter, mar noch foar it skoft makke Ton Haarman 1-2. Haarman krige yn de twadde helte in publykswiksel. Hy spilet oare jier foar Flevo Boys.
Sandor van der Heide makke de oare twa goals foar ONS en sa naam ek hy op in weardige manier ôfskie. Hy spilet takom jier foar Cambuur.