'Lucky Ajax' nei Anjum

© Omrop Fryslân
De feteranen fan fuotbalferiening Eanjum sille in wedstriid spylje tsjin it saneamde 'Lucky Ajax'. Dat is in seleksje fan âld-Ajax spilers mei ûnder oaren: Sjaak Swart, Frank de Boer en John van 't Schip.
De wedstriid wurdt spile yn it ramt fan it ôfskie fan in tal spilers fan Eanjum. In tal leden is al mear as 40 jier aktyf foar de feriening en se hâlde nei de wedstriid op mei fuotbaljen.