Nijpels iepent mûnejier

12 maaie 2007 - 15:14

Mei it meitsjen fan in foto fan mûne Zeldenrust yn Dokkum hat kommissaris Nijpels it Fryske jier fan 'e Mûne iepene. Tagelyk is dêrmei ek it startsein jûn foar in provinsjale fotowedstriid fan mûnen.

It jier 2007 is útroppen ta mûnejier omdat it 600 jier lyn is dat yn Nederlân de earste poldermûne boud is. Rûnom yn 'e provinsje wiene de mûnen iepen foar publyk. Troch it minne waar wie der wat minder belangstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)