Skilderje yn akwaduktbak

12 maaie 2007 - 14:25

Ynwenners fan Himpens-Tearns en de Ljouwerter wyk Suderbuorren hiene sneon feest by it akwadukt-yn-oanbou Langdiel. It wetterbassin dêr't de skippen aansen troch farre, is klear. Der stiet no noch gjin wetter yn.

Foar de bewenners wie der in skilderwedstriid yn de wetterbak. Oer twa wike komt it wetter deryn. Foar de boufak farre de earste boaten oer de Wâldwei hinne. De nije autowei giet takom sneon iepen foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)