Rem op hânkokkelfiskerij

12 maaie 2007 - 13:27

Der komme gjin mear nije fergunnings foar hânkokkelfiskers. Dat hat minster Verburg fan Lanbou, Natuer en Foedselkwaliteit tasein oan de Twadde Keamer. Der binne op it stuit tweintich hânkokkelder aktyf op de Waadsee en de Skelde. Dêr komme noch ris tsien by as kompensaasje foar it ferbod op mechanysk kokkelfiskjen.

De hânkokkelders hawwe de minister sels frege om net mear as tweintich yn it Waadgebiet ta te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)