Dûkers sykje nei ynsittenden
Oan 'e Prins Hendrikkade yn Snits hawwe dûkploegen fan 'e brânwacht sneontemoarn socht nei ynsittenden fan in auto dy't dêr yn it wetter fûn is. Tsjûgen warskôgen moarns betiid dat der in reade auto yn it wetter lei.
Dûkers út Snits en fan It_Hearrenfean sochten it wetter ôf, mar hawwe neat fûn. De eigner fan 'e auto wurdt net fermist. Mooglik is de auto freedtejûn troch fandalen yn it wetter treaun.