Kontrôle huzebou kin better

12 maaie 2007 - 12:28

De gemeente Menameradiel sjocht net goed ta op de bou fan huzen. De kontrôle op de fergunnings is ek fier ûnder de maat. Dat stiet yn in rapport fan de ynspeksje fan it ministearje fan VROM, folkshúsfesting, romtelike oardening en miljeu.

Neffens de ynspeksje giet de gemeente te pragmatysk mei oertredings om. Der wurdt wolris tastien om ôf te wiken fan it bestimmingsplan sûnder dat dat echt formeel regele wurdt

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)