Ferfier wol oanbesteegje

11 maaie 2007 - 20:13
Foto: Omrop Fryslân

Fakbûnen en polityk lizze it Europeesk beslút oer merkwurking yn it iepenbier ferfier ferkeard út. Dat fynt direkteur Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva. Hy warskôget foar betizing. Gemeenten en provinsje moatte it iepenbier ferfier noch wol deeglik oanbesteegje, seit Hettinga.

It Europeesk Parlement fynt dat lannen sels bepale meie wat se dogge mei de merkwurking. Fakbûnen binne lykwols benaud dat dat in soad banen kostet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)