Wommels krijt 32 apparteminten

© Omrop Fryslân
Yn it sintrum fan Wommels komme trije wenblokken mei 32 apparteminten. Ien wenblok mei 14 apparteminten wurdt ferhierd oan de stifting Talant. Yn de oare twa wenblokken komme 18 apparteminten, wêrfan der 14 ferhierd wurde. De oare fjouwer wurde ferkocht.
De bou kostet trije miljoen euro en moat oer in jier klear wêze. Foar de nijbou moatte twa keatsfjilden ferhuzje. De keatsferiening hat dêr yntusken mei ynstimd.