Nije haven Eastermar iepene

11 maaie 2007 - 14:46

Yn Eastermar wurdt freed in nije haven iepene. Yn de haven is plak foar hûndert boaten. It doarp, dat oan de Lits-Lauwersmarrûte leit, ferwachtet alle jierren sa'n 5.000 passanten.

Troch finansjele problemen en fertraging by de oanlis koe de haven pas in jier letter yn gebrûk naam wurde as earder pland. De oanlis hat 1,3 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)