Noch gjin dúdlikens ûngelok

11 maaie 2007 - 14:19

It is noch hieltyd net dúdlik wat de tadracht west hat fan in ûngelok by Twizel, dêr't sneon in man út Westergeast slim ferwûne by rekke. De plysje hat nei in oprop mei in tsjûge praat, mar dy koe gjin helderheid jaan.

Oer de tadracht ferskille de ferhalen. Twa auto's soenen elkoar hindere ha by it ynheljen. Doe't de auto's stilstienen, rûn it út de hân. Dêrby is de Westergeaster oanriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)