Jildkrapte RTV Nijefurd

11 maaie 2007 - 13:56
Foto: Omrop Fryslân

De lokale omrop yn Nijefurd begjint in sponsoraksje om út de finansjele problemen te kommen. De omrop hat in tekoart fan 15.000 euro en sit dêrtroch yn swier waar. It bestjoer fan de omrop docht no in berop op tredden. Doel is om mei donateurs en sponsors it tekoart fuort te wurkjen.

De omrop krijt alle jierren 10.000 euro subsydzje fan de gemeente Nijefurd, mar dat is net genôch om radio en televyzje meitsje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)