Sulejmani mei spylje

11 maaie 2007 - 13:38

Miralem Sulejmani kin fan 11 maaie ôf lang om let yn aksje komme foar SC Hearrenfean. De skorsing fan de Servyske oanfaller, dy 't fan 't winter oerkaam fan Partizan Belgrado, is dan foarby.

Partizan easket in hegere opliedingsfergoeding foar de oanfaller as Hearrenfean betelje wol. Omdat de klubs it net iens wurde kinne skorste Partizan him mei yngong fan 11 novimber 2006 foar in healjier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)