Hantekens Vroegopstap oanbean

11 maaie 2007 - 12:55

De memmen fan de aksjegroep Vroegopstap.nl ha freed 1.500 digitale hantekens oanbean oan kommissaris Nijpels. Mei de hantekens is it earste boargerynisjatyf fan Fryslân in feit.

De memmen wolle dat de steaten prate oer it drankmisbrûk ûnder jongeren. Eins is it doel dat diskoteken en kroegen earder tichtgean. Omdat allinich gemeenten dêr wat oer te sizzen ha, rjochtsje se har by de provinsje no op drankmisbrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)