Waadakademy start fan't simmer

Nijpels mei professor Van Vierssen fan de Waadakademy
De Waadakademy yn Ljouwert set noch dizze simmer útein. Dat hat Kommissaris fan de Keninginne Nijpels bekend makke. Der komme acht minsken te wurkjen by it nije koördinearjend wittenskiplik ûndersyksynstitút, fiif wittenskippers en trije meiwurkers.
Op de Waadakademy sil ûndersyk dien wurde nei de natoer yn it waadgebiet, mar ek nei de ekonomyske mooglikheden dy't der binne.