Man ferwûne nei fal fan dak
In ynwenner fan Stieltjeskanaal yn Drinte is tongersdei ferwûne rekke doe't er fan in dak fûl. De man wie oan it wurk by in bedriuw oan it Helmhout yn Drachten. Hy glied út en fûl inkele meters nei ûnderen.
De man rekke ferwûne oan syn rêch en is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.