Hawker Hunter nei Ljouwert

De Hawker Hunter
It jachtfleantúch de Hawker Hunter komt tiisdei werom op de fleanbasis Ljouwert. De Hawker Hunter waard tusken 1955 en 1965 brûkt troch de Keninklike Luchtmacht. It is in Brits tastel dat as earste Nato-tastel troch de lûdsbarriêre brekke koe.
It is de bedoeling dat de Hawker Hunter de kommende jierren yn Ljouwert bliuwt. It wurdt sjoen as in fleanend monumint.