Bylden foar alvestêderûte

10 maaie 2007 - 23:03

Kommende tiisdei wurdt it earste alvestêdebyld fan keunstner Evert van Hemert fan Kolderwolde ûntbleate yn Sleat. De earste fan in bylderûte yn brûns. It is in kadootsje fan Van Hemert foar de gemeenten fan de Fryske alve stêden. By de gemeenten rûn it plan lykwols in soad fertraging op: der wie in soad te dwaan om de fergunnings en de ûntheffings.

As alles goed giet wurdt it lêste byld takom jier pleatst yn Drylts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)