Ljouwert aktyf yn East-Europa

10 maaie 2007 - 22:33

Ljouwert wol op koarte termyn stedebannen oangean mei de Litouske havenstêd Klaipeda en mei de Poalske stêd Bialystok. Ljouwert wol by de nije stedebannen ynsette op de tema's meartalichheid, wetter en ekonomy.

Neffens boargemaster Dales fan Ljouwert binne Bialystok en Klaipeda beide nijsgjirrige partnerstêden. De stêden binne ekonomysk yn opkomst en hawwe ek it nedige mienskiplik mei Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)