Mesdriging yn Occupykamp

De plysje hat yn it Occupykamp yn Ljouwert in 56-jierrige swalker oppakt. De man bedrige dêr oanwêzigen mei in mes. Dêrfoar hie er dat ek al dien op it treinstasjon yn Ljouwert en op de Langemerkstrjitte ûnderweis nei it kamp.
De plysje hat de man fêstset. In GGD-arts sil besjen oft er twongen opnaam wurde moat. De man soarget wol faker foar problemen yn Ljouwert. Hy hat earder in pear nachten yn it Occupykamp sliept en komt der no geregeld werom.