Wurk oan rioel: swimferbod
Yn It Wiid by Earnewâld mei fan tongersdei ôf net mear swommen wurde fan de Provinsje Fryslân. It giet om de swimlokaasje by de Koaidyk. Fan freed ôf wurdt dêr wurke oan it rioel. Neffens de provinsje kin net útsletten wurde dat der smoargens yn it wetter komt. It swimmen wurdt dan ûnfeilich.
By It Wiid binne ek buorden delset dêr't op stiet dat swimmen ferbean is.