Deadlik ûngelok by Wyns

© Omrop Fryslân
By in ûngelok by Wyns is tongersdeitemoarn in man om it libben kaam. Hy bestjoerde in auto dy't fan 'e dyk rekke, tsjin in beam ried en dêrnei yn in sleat bedarre. Hoe't dat koe, is noch net bekend.
De auto waard pas letter fûn troch plysjes dy't dêr delrieden. De automobilist wie doe al ferstoarn. Om wa't it giet, is noch net bekendmakke. De plysje is dwaande mei it ûndersyk.