Snits foar ôffaloven Omrin
In mearderheid fan de politike partijen yn Snits is foar de bou fan in ôffaloven yn Harns. Dat waard woansdeitejûn dúdlik op in kommisjegearkomste. Inkeld FNP, SP en Grien Links binne tsjin de komst fan de oven.
Inisjatyfnimmer Omrin wol mei de ôffaloven enerzjy opwekke. De Fryske gemeenten moatte as oandielhâlders fan Omrin beslute oer de komst fan 'e ôffalferbaarningsoven.