Skarsterlân hâldt enkête

© Omrop Fryslân
Skarsterlân lit opnij ûndersykje hoe tefreden de ynwenners binne oer de tsjinstferliening fan 'e gemeente. Der wurdt sjoen nei hoe't minsken holpen wurde oan 'e baly's en de telefoan. Twatûzen ynwenners wurdt frege om mei te dwaan.
It ûndersyk bestiet út enkêtes en interviews. De resultaten wurde fan 't hjerst bekendmakke. Yn 2004 wie der ek al sa'n ûndersyk. Dêrnei binne in tal ferbetterings trochfierd.