Baskyske opdracht Mercator

© Omrop Fryslân
It Mercator Kennissintrum yn Ljouwert sil de kommende fjouwer jier ûndersyk útfiere foar it Baskyske ministearje fan ûnderwiis. Mercator Ljouwert sil hjirfoar freed in oerienkomst ûndertekenje mei Tontxu Campos, de Baskyske minister fan ûnderwiis.
De oerienkomst mei Baskelân betsjut foar Mercator - in ûnderdiel fan de Fryske Akademy - ekstra ynkomsten en ekstra wurkgelegenheid. Durk Gorter neamt de gearwurking 'in opstekker'.