Jonkje ferwûne by oerstekken

© Omrop Fryslân
In jonkje fan fiif jier is woansdeitemiddei ferwûne rekke doe't er yn syn wenplak Ysbrechtum oanriden waard troch in auto. It jonkje stuts tusken twa auto's de Kleasterwei oer sûnder goed út te sjen.
De 35-jierrige automobilist út Ljouwert koe net mear op 'e tiid remje. It jonkje foel op 'e dyk. Hy is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.