Nije CAO beropsgoederenferfier

10 maaie 2007 - 06:34

Fakbûnen en wurkjouwers binne tongersdei in nije CAO foar it beropsgoederenferfier oerienkaam. Yn de CAO is in leansferheging fan 3,2 prosint per 1 juny ôfpraat, per april komt dêr nochris 1,5 prosint by. De leden moatte noch wol akkoart gean mei de CAO.

Omdat fakbûnen en wurkjouwers it earder net iens wurde koenen oer de CAO waarden der aksjes fierd, ûnder oare op de rotonde by de Jouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)