Hurde krityk FNP en VVD op DS

09 maaie 2007 - 17:30

FNP en VVD ha gjin fertrouwen yn it nije kolleezje fan deputearre steaten, sa ha se woansdeitemiddei witte litten op it provinsjehûs. CDA en PvdA hawwe keazen foar de ChristenUnie en VVD en FNP fiele har oan de kant set.

Tom van Mourik (VVD) en Johannes Kramer (FNP) kamen mei hurde krityk op de gong fan saken. Kramer woe fan it CDA witte wat der mis is mei de FNP- achterban. Dy soe neffens it CDA net te fertrouwen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)