Maraton Ljouwert populair

09 maaie 2007 - 12:32
Foto: Omrop Fryslân

It rint as it slytjaget mei de oanmeldings foar de maraton fan Ljouwert. Foar de ferskate ôfstannen dy 't ferrûn wurde binne al mear as 2000 oanmeldings binnen. De organisaasje ferwachtet dat der úteinlik san 2500 minsken oan it evenemint meidwaan sille.

De ynskriuwing stiet noch iepen oant 27 maaie. De maraton wurdt hâlden op snein 10 juny.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)