Delorge net nei Hearrenfean

09 maaie 2007 - 12:11

Laurant Delorge komt wierskynlik net nei sc Hearrenfean. De 27-jierrige Belgyske middenfjilder tekent dizze wike in kontrakt by Ajax sa is de ferwachting. Omdat de saak noch net hielendal rûn is wolle Hearrenfean en Ajax net op it nijs reagearje.

Hearrenfean-foarsitter Formsma sei ferline wike foar Omrop Fryslân noch dat Delorge hast wol wis by It Fean tekenje soe. Delorge spile ferline seizoen by ADO Den Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)