Soad media by training H'fean

Woansdei sil Hearrefean tsjin ajax spilje yn it Abe Lenstra stadion.
Hearrenfean spilet woansdei yn it Abe Lenstra stadion tsjin Ajax. Snein folget yn Amsterdam de 2e wedstriid. It giet om in plakje yn de foarronde fan de Champions League. Foar de Feansters, al wis fan Europeesk fuotbal takom seizoen, soe dat de slachrjemme op 'e oranjekoeke wêze.
Tiisdei op de lêste training wie der in protte belangstelling. Mar leafst seis kameraploegen mochten it sturtsje fan de training opnimme.