Earste HT-roeiers wer werom

09 maaie 2007 - 09:50

De twa roeiploegen fan de earste HT- race yn 1975 sille takom wike tongersdei de race tusken Harns en Skylge wer roeie. De manlju binne no yn de fyftich. Tritich jier lyn ûntstie de HT-race út in weddenskip tusken studinten fan de seefeart- skoalle en ynwenners fan Skylge.

De race is útgroeid ta in evenemint dêr't 130 sloepen mei tûzen dielnimmers oan meidogge. De HT-race wurdt op de dei nei Himelfeart hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)