Twaddeklassers útskeakele

© Omrop Fryslân
Alle Fryske twaddeklassers dy't meidiene oan de neikompetysje binne tiisdeitejûn útskeakele. Hearrenfeanse Boys spile 0-0 tsjin CVVB, mar dat wie te min om it 3-2 ferlies fan sneon goed te meitsjen. Wykels Hallum wûn wol mei 2-1 fan SGV, mar de Hallumers hiene de útwedstryd mei 2-0 ferlern.
De grutste klap wie foar BCV. De Burgumers giene mei in 2-1 foarsprong nei SC Meppel, mar ferlearen fan harren mei 4-0.